Disclaimer

Stifting Fryske Akademy (kvk 41000640), hjirnei te neamen de Fryske Akademy, jout jo hjirby tagong ta de website www.taalweb.frl ("Taalweb Frysk") en nûget jo út om de hjir oanbeane tsjinsten ôf te nimmen.

De Fryske Akademy behâldt him dêrby it rjocht foar op elk momint de ynhâld oan te passen of ûnderdielen te ferwiderjen sûnder jo dêr kundskip fan dwaan te moatten.

Beheinde oanspraaklikheid

De Fryske Akademy spant him yn om de ynhâld fan Taalweb Frysk sa faak as mooglik te aktualisearjen en/of oan te foljen. Nettsjinsteande dy soarch en oandacht is it mooglik dat de ynhâld ûnfolslein en/of net net krekt is.

It op Taalweb Frysk oanbeane materiaal wurdt oanbean sûnder wat foar foarm fan garânsje of oanspraak ek op krektens. Dit materiaal kin op elk momint wizigje sûnder foarôfgeande meidielingen fan de Fryske Akademy.

Foar op Taalweb Frysk opnommen hyperlinks nei websites of tsjinsten fan tredden kin de Fryske Akademy nea oanspraaklikheid oanfurdigje.

Auteursrjochten

Alle rjochten fan yntellektuele eigendom oangeande dit materiaal leit by de Fryske Akademy.

Kopiearjen, fersprieden of hokker oar gebrûk fan dit materiaal is net tastien sûnder skriftlike tastimming fan de Fryske Akademy, op betingst fan en allinnich mar foar safier’t oars beskaat is yn regelingen fan twingend rjocht (lykas sitaatrjocht), of it moast wêze dat it by spesifyk materiaal oars oanjûn is.

Wolle jo de Foarkarswurdlist foar it Frysk brûke yn software of oare materialen? De digitale bestannen fan de Foarkarswurdlist binne fergees beskikber ûnder lisinsje. Nim dêrfoar kontakt op mei de Fryske Akademy.

Oars

Dizze disclaimer kin fan tiid ta tiid wizige wurde.