Oer ús

De Fryske Akademy (FA) is in wittenskiplik ynstitút dat ûnder oaren ûndersyk docht op it mêd fan 'e Fryske taal. De FA hat yn 'e 75 jier fan syn bestean in soad kennis en feardichheid opboud mei it gearstallen fan wurdboeken en wurdlisten. Dat resultearre yn útjeften lykas it Wurdboek fan de Fryske Taal (25 dielen, 1984-2011), de oersetwurdboeken Frysk–Nederlânsk (1984) en Nederlânsk–Frysk (1985) en it ientalige Frysk Hânwurdboek (2008). Op it mêd fan elektroanyske databanken hat de FA ek de nedige ûnderfining. Dy wurdt ûnder oaren ynset yn taaltechnologyske produkten lykas de Staveringshifker, dêr’t de earste ferzje fan yn 1995 ferskynde.

Taalweb Frysk is troch de FA makke yn opdracht fan 'e provinsje Fryslân. Yn 2011 hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân yn skriftlike fragen oan Deputearre Steaten frege om in standertwurdlist foar it Frysk, dy't te ferlykjen is mei de Woordenlijst Nederlandse Taal (it saneamde ‘Groene Boekje’). Ut it fjild wei waard fernommen dat by tekstburo's, oersetters en ek yn it ûnderwiis ferlet wie fan sa'n soarte fan wurdlist foar it Frysk.

De Provinsje hat de FA dêrnei frege om op grûn fan 'e opboude ekspertize in pakket digitale taalhelpmiddels te ûntwikkeljen. Dat is Taalweb Frysk wurden en dêrmei kriget de Fryske taalmienskip no eigentiidsk digitaal skriuwark, dat stipe jout by it opstellen en staverjen fan Fryske teksten.

De website Taalweb Frysk is op 2 febrewaris 2015 lansearre op it adres www.taalweb.frl

Kontakt

Foar fragen en opmerkingen oer Taalweb Frysk of stavering kinne jo kontakt opnimme mei de Fryske Akademy: