De Paadwizer Fryske stavering is it neislachwurk oangeande de jildende regels fan ’e Fryske stavering. Yn ’e Paadwizer wurde de grûnslaggen fan ’e stavering beskreaun en fine jo in oersjoch fan ’e Fryske klanken mei de werjefte dêrfan yn skriuwtekens. De meast resinte staveringsoanpassingen wurde apart behannele yn paragraaf 1.2.
Fierder fine jo yn dit neislachwurk ynformaasje oer it brûken fan diakrityske tekens (‘dakjes en streekjes’) yn it Frysk, oer it los- of oaninoar-skriuwen fan wurden, oer it brûken fan haadletters en oer de ôfbrekregels foar it Frysk. Fan haadwurden wurde de regels foar it foarmjen fan meartallen en ferlytsingswurden jûn. It foarmjen fan ’e bûging fan eigenskipswurden kriget ek omtinken. Fan ’e tiidwurden wurdt de bûging ek behannele. Skriuwwize en bûging fan tiidwurden dy't út it Ingelsk liend binne krije apart omtinken.
Lês fierder...
De Paadwizer is itselde dokumint as de Ynlieding fan ’e Foarkarswurdlist fan juny 2014, dy’t by de Provinsje Fryslân registrearre is as dokumintnûmer 1176840 en dêr’t de Feroardering oangeande de offisjele stavering fan de Fryske taal 2014 nei ferwiist.
Ferbergje...