1.3 Standerdisearring

It Frysk hat ferskate dialekten. Soe elke Fries skriuwe neffens syn útspraak (it fonologysk prinsipe), dan soe der gjin standert of foarkarstavering brûkt wurde. Ommers, immen út de Dongeradielen soe dan bygelyks buotter en sepe skriuwe yn stee fan bûter en sjippe, in Westereender soe kood en sneeje yn stee fan kâld en snije skriuwe en ien út it suden fan de provinsje duske yn stee fan doaske. Fariante útspraken út dy dialekten wurde neffens de tradysje net ta de standert rekkene en krije yn de hânwurdboeken net (mear) harren gerak. Lykwols bestiet der noch net in alhiel útkristallisearre standert. De Fryske standert sa’t dy hjoed-de-dei fungearret, is benammen basearre op de twa grutte dialekten Klaai- en Wâldfrysk. Yn de praktyk wurdt oant no ta op gesach fan de wurdboeken net altyd in foarkar foar in beskate fariant útsprutsen. Foarbylden binne tomme (Klaaifrysk) en tûme (Wâldfrysk) of baarne (noardlik Klaaifrysk en noardlik Wâldfrysk) en brâne (súdlik Klaaifrysk en súdlik Wâldfrysk). Mar de praktyk wiist út dat de fariant dy’t yn de wurdboeken foaroan stiet, meastentiids as foarkarsfoarm beskôge is en wurdt.

Omdat it bygelyks yn it ûnderwiis en by de oerheid praktysk is om út te gean fan in foarkarsfoarm is yn de Foarkarswurdlist keazen foar ien fariant. Dat betsjut net dat farianten dy’t net yn de Foarkarswurdlist opnommen binne, ferkeard Frysk binne.⁴ By it kiezen fan de foarkarsfoarm hawwe foarhinne, en no by it gearstallen fan de Foarkarswurdlist ferskate kritearia in rol spile, mar net allegearre tagelyk:

a) tradysje

  • Sa’t hjirboppe al opmurken is, bestiet der yn it Frysk al fierhinne in standert. Dy is yn de rin fan de tiid yn de hânwurdboeken dellein. Dat dêryn oant no ta meastentiids net keazen is foar farianten út de perifeare dialekten mei dúdlik wêze. Mar hokker fariant út de twa grutte dialekten Klaai- en Wâldfrysk as foarkarsfoarm nommen wurde moat, is yn de wurdboeken net altyd helderheid oer. Dochs is it al lang wenst om de farianten dy’t yn de wurdboeken as earste neamd wurde, as foarkarsfoarm te beskôgjen. Om dy reden krije bygelyks de Klaaifryske farianten op -om of -omme (rom, tomme) de foarkar boppe de Wâldfryske farianten op -ûm of -ûme (rûm, tûme).

b) distansjearring

  • By standerdisearring kin ek it ôfsetten tsjin in oare taal meispylje. Yn it gefal fan it Frysk is dat tsjin it Nederlânsk. In yllustratyf foarbyld is it wurd hiel dat mar yn in lyts part fan Fryslân (de Noardlike Wâlden) brûkt wurdt, wylst it grutste part it geef Fryske en oan it Nederlânsk identike heel brûkt.
  • In oar foarbyld is de weifal fan de e yn wurden as kiste en mûtse. Yn in part fan it taalgebiet is it hiel gewoan om kist of mûts te sizzen, mar omdat dy farianten tichter by de Nederlânske wjergaders steane, wurde krekt dy net ta de standert rekkene.

c) lykfoarmigens

  • It prinsipe fan lykfoarmigens kin de foarkarsfoarm ek beskiede. Wurden lykas died, ried, sied, goed, paad bygelyks wurde yn it Frysk faak ek sûnder einichste d útsprutsen en guon dêrfan wurde gauris ek sa skreaun. Lykwols kin yn bûging en gearstalling de d yn de útspraak altyd wer foar it ljocht komme en dy wurdt dan ek skreaun (dieden, riedsgearkomste), dat died, ried ensf. wurde mei in d stavere. Utsûnderingen binne leksikalisearre gefallen as goeried en goemoarn.
  • In oar foarbyld is de noardlike fariant baarne, dy’t oant no ta yn de measte hânwurdboeken de foarkar hat, mar dy’t it tsjin de súdlike fariant brâne ôfleit op grûn fan it kritearium fan de lykfoarmigens (brân, brâne, brânfersekering).

d) gongberens

  • In frekwinte fariant hat de foarkar boppe in fariant dy’t minder frekwint is. In foarbyld binne de heechfrekwinte bywurden eigentlik en eins. De minder frekwinte farianten eigenlik, einlik en eink wurde net yn de Foarkarswurdlist opnommen.

e) etymology

  • Yn de stavering sjocht men wolris in ôfslitene útspraak werom (bygelyks abslút, bibleteek, bommedearje). Lykwols binne allinnich de folle foarmen yn de Foarkarswurdlist opnommen (absolút, biblioteek, bombardearje). Utsûnderingen binne leksikalisearre gefallen lykas knyn en plysje (yn stee fan konyn en polysje) en wurdpearen mei ôfsûnderlike betsjuttingen lykas krupsje (= sykte) en korrupsje (= omkeaping).

⁴Om misbegryp tefoaren te kommen: dit jildt net foar synonimen lykas belangryk en wichtich of foarsichtich en hoeden of foar foarm- en stylfarianten lykas altyd en altiten.

Oars as yn de Foarkarswurdlist jout de nije staveringshifker al gongbere farianten. Typt de brûker sa’n fariant yn en stiet dy net as foarkarsfoarm te boek, dan kriget er net it sinjaal dat er ferkeard Frysk skriuwt, mar dat er net de foarkarsfoarm brûkt.