10 Meartalsfoarmen fan haadwurden

De gewoane meartalsútgongen binne ‑en, -n en -s. Se wurde meastentiids fêst oan it haadwurd skreaun, mar by haadwurden dy’t einigje op de folle lûden a, o of u, en by inisjaalwurden en sifers wurdt de meartals-s foarôfgien troch in apostrof.

By de meartalsfoarming binne de staveringsregels foar einlûdferskerping, ferkoarting en brekking (2.3.2), de regels foar ferdûbeling fan bylûdtekens, ferinkeling of feroaring fan lûdtekens (2.5) en de regels by lûdstjitting (6) fan tapassing.

a) haadwurden op ‑el, ‑em, ‑en, ‑(en)ier en ‑er(t) en ferlytsingswurden ‑ke, ‑tsje en ‑je hawwe yn ’e regel in meartals-s:

  • appel - appels
  • biezem - biezems
  • bottelier - botteliers
  • brantsje - brantsjes
  • kikkert - kikkerts (mar: hûnderten)
  • krookje - krookjes
  • lampke - lampkes
  • rekken - rekkens (mar: kristenen)
  • rintenier - rinteniers
  • steechje - steechjes
  • wekker - wekkers
  •  
  • Opmerking: It wurd neil hat ek de meartalsútgong -s.

b) oare haadwurden hawwe it meartal -en of, as se op -e einigje, -n:

  • dyk - diken
  • hân - hannen
  • laach - lagen
  • mûtse - mûtsen
  • rêch - rêgen
  • roas - roazen
  • stoer - stuorren
  • trui - truien

c) wurden op -ing hawwe sawol in meartals-en as in meartals-s:

  • oplossing - oplossingen / oplossings
  •  
  • Yn de Foarkarswurdlist is de foarm ­­‑en foar kar nommen.

d) wurden op -lm, ‑rm kinne sawol in meartals-s as in meartals-en hawwe:

  • helm - helms / helmen
  • psalm - psalms / psalmen
  • skerm - skerms / skermen
  • term - terms (orgaan)
  • term - termen (beneaming)
  •  
  • Yn de Foarkarswurdlist is de meartalsfoarming op -s yn prinsipe foar kar nommen.

e) ynternasjonalismen dy’t op in lûd einigje hawwe soms in meartals-s en soms in meartals‑en:

  • akademy - akademys
  • akku - akku’s
  • garaazje - garaazjes
  • komma - komma’s
  • motto - motto’s
  • yndividu - yndividuën
  • kopy - kopyen
  • panasee - panaseeën
  • sardine - sardinen

f) inisjaalwurden en sifers hawwe it meartal op -’s, losse letters sawol op -’s as -’en:

  • dvd - dvd’s
  • A4 - A4’s
  • o - o’s / o’en

g) in tige lyts tal wurden hat sawol in meartal op -en as in dûbeld meartal -ens. De foarkarsfoarm wurdt hjir earst neamd. Guon hawwe allinnich in dûbeld meartal:

  • boei - boeien / boeiens
  • lears - learzens
  • reed - redens
  • wolk - wolken / wolkens

h) in lyts tal wurden hat sawol in regelmjittige as in ûnregelmjittige meartalsfoarming. De foarkarsfoarm wurdt hjir earst neamd. Guon hawwe allinnich in ûnregelmjittige foarm:

  • âlder - âlden
  • bean - beane / beannen / beanen
  • bern - bern
  • dei - dagen
  • eart - earte / earten
  • ferbod - ferboaden
  • god - goaden
  • goes - guozzen / gies
  • jonge - jonges
  • ko - kij
  • skiep - skiep
  • skoech - skuon
  • wei - wegen
  • (telbere wurden op) -heid - -heden, bygelyks mooglikheid - mooglikheden

Yn guon gefallen hingje de meartalsfoarming en de betsjutting gear:

  • frou - froulju (algemiene oantsjutting) / frouwen (oantsjutting fan in spesifike kategory)
  • gebod - geboaden (algemiene oantsjutting) / geboadens (houliksoankundiging)
  • lid - lidden (ûnderdielen fan gruttere gehielen) / leden (persoanen dy’t diel fan in kollektyf binne)
  • man - manlju (algemiene oantsjutting) / mannen (oantsjutting fan in spesifike kategory)

i) guon frjemde wurden hawwe njonken it meartal neffens it Fryske systeem de meartalsfoarm út de ûntliende taal en faak ek allinnich dy frjemde meartalsfoarm:

  • fysikus - fysisy
  • korpus - korpora
  • museum - museums / musea