De ferlytsingsfoarmen binne ‑je, ‑tsje en ‑ke. Se wurde meastentiids fêst oan it haadwurd skreaun. By de ferlytsing fan haadwurden binne de staveringsregels foar einlûdferskerping, ferkoarting en brekking (2.3.2), de regels foar ferdûbeling fan bylûdtekens, ferinkeling of feroaring fan lûdtekens (2.5) en in pear deleesjeregels fan tapassing.
a) haadwurden dy’t einigje op de bylûden k, ch of ng hawwe de ferlytsingsfoarm -je. Yn it lêste gefal wurdt in k ynfoege en ferfalt de g:
b) haadwurden dy’t einigje op de bylûden d, t, n of l hawwe de ferlytsingsfoarm -tsje; by haadwurden op d en t ferfalt de t yn -tsje:
Opmerking 1: haadwurden dy’t útgeane op de bylûdklusters ‑ft of -pt hawwe faak twa ferlytsingsfoarmen, -ke of ‑tsje:
Opmerking 2: haadwurden op ‑st hawwe gauris de twa ferlytsingsfoarmen ‑ke of ‑je:
mar:
c) haadwurden dy’t einigje op de bylûden s, r, b, p, m of f hawwe de ferlytsingsfoarm -ke:
d) haadwurden dy’t einigje op lûden mei útsûndering fan de stomme e hawwe de ferlytsingsfoarm ‑ke:
Opmerking: frjemde wurden dy’t einigje op lûden mei útsûndering fan de stomme e kinne gauris de ferlytsingsfoarm ‑tsje krije, wylst de foarm ‑ke dêr regel is. Yn de Foarkarswurdlist is de foarm ‑ke foar kar nommen.
e) haadwurden dy’t útgeane op in stomme e, ferlieze dy e by ferlytsing en krije in ferlytsingsfoarm op basis fan de regels yn a) oant en mei c):
f) inisjaalwurden, losse letters of sifers hawwe in ferlytsingsfoarm op basis fan de regels yn a) oant en mei d):