13 Eigenskipswurden

By de bûging fan eigenskipswurden binne de regels foar einlûdferskerping en foar de beheining fan bylûdtekens by efterheaksels mei -s (2.3.2) en de regels foar ferdûbeling fan bylûdtekens, ferinkeling of feroaring fan lûdtekens (2.5) fan tapassing:

  • fiis - fizer
  • bros - brosser, brost (net: brosst)
  • grut - in grutten
  • leech - lege

As in eigenskipswurd útgiet op r, dan wurdt by de komparatyffoarming in d ynfoege:

  • fier - fierder
  • raar - raarder
  • sear - searder

Wurden dy’t útgeane op ‑sk of ‑ysk krije by de oertreffende trep neffens de regels de útgong ‑st. Omdat men dan in net altyd maklik út te sprekken einkloft kriget, wurdt de oertreffende tref fakentiid mei it wurd meast makke: logysk - meast logysk. Yn de Foarkarswurdlist wurdt de ‑st‑útgong lykwols al jûn om de goede skriuwwize mei dy útgong te bieden:

  • âlderwetsk - âlderwetskst
  • logysk - logyskst