14 Tiidwurden

By de bûging fan tiidwurden binne de regels foar einlûdferskerping (2.3.2) en de regels foar ferdûbeling fan bylûdtekens, ferinkeling of feroaring fan lûdtekens (2.5) fan tapassing:

  • hy libbet, wy libje, hja libben
  • hy raast, wy raze, hja raasden
  • hy sjocht, wy sjogge

Tiidwurden binne ûnderferdield yn regelmjittige en ûnregelmjittige tiidwurden. De bûging fan regelmjittige tiidwurden giet neffens fêste regels. Utgongspunt by de stavering is de stam. Dat is de ynfinityf sûnder de útgong ‑je, -zje of -sje (by ‑je-tiidwurden) of -e (by -e-tiidwurden) mei tapassing fan de regels foar it basisprinsipe fan de útspraak (2.2):

  • skrobje - (stam) skrob
  • skimerje - (stam) skimer
  • wâdzje - (stam) wâd
  • flechtsje - (stam) flecht
  • ferlytsje - (stam) ferlyts
  • drave - (stam) draaf
  • wrotte - (stam) wrot

De bûging fan ûnregelmjittige tiidwurden, meast -e-tiidwurden, is min mei regels te beskriuwen. Yn de ûnfolsleine doetiid en/of yn de folsleine doetiid hawwe se in stamlûd dat oars is as yn de notiid of ynfinityf. De bûgingsútgongen by de persoansfoarmen yn de notiid en foar in part yn de ûnfolsleine doetiid binne lykwols deselden as by de regelmjittige tiidwurden, en it folsleine mulwurd giet meastentiids op -en út. Yn 14.3 stiet in foarbyld fan in ûnregelmjittich -e-tiidwurd en in ûnregelmjittich -je-tiidwurd. Foar de rest wurdt ferwiisd nei D. Eisma & J. Popkema, Tiidwurden (2002) (7e pr.).

Yn dizze paragraaf wurde de eigen tiidwurden behannele, yn paragraaf 15 wurdt de stavering fan Ingelske tiidwurden behannele.