14.2 Bûgingsfoarmen fan regelmjittige -e-tiidwurden

Tiidwurden mei in stam op s, k, p, f, t, ch (ezelsbrechje: skiepeftich) hawwe yn de ûnfolsleine doetiid de útgongen ‑te, -test of -te(n). Oare tiidwurden hawwe de útgongen -de, -dest of ‑de(n); tiidwurden dy’t yn de ynfinityffoarm in z, v of g (bygelyks raze, drave en bûge) hawwe, krije dy útgongen ek. Datselde ferskil bestiet foar de útgong fan de folsleine doetiid, te witten -t of ‑d. De bûging is yn prinsipe sa:

a) notiid inkeldtal: stam + 0, st, t:

  • ik draaf, do draafst, hy/hja/it draaft
  • ik hier, do hierst, hy hiert
  • ik pak, do pakst, hy/hja/it pakt
  • ik praat, do praatst, hy praat

b) notiid meartal: stam + e:

  • wy/jo/jimme/hja drave
  • wy/jo/jimme/hja hiere
  • wy/jo/jimme/hja pakke
  • wy/jo/jimme/hja prate

c) ûnfolsleine doetiid inkeldtal: stam + de/te, dest/test, de/te:

  • ik draafde, do draafdest, hy/hja/it draafde
  • ik hierde, do hierdest, hy/hja/it hierde
  • ik pakte, do paktest, hy/hja/it pakte
  • ik prate, do pratest, hy/hja/it prate

Opmerking: by in stam dy’t útgiet op in d of t is it yn de ûnfolsleine doetiid regel dat dy d of t net ferdûbele wurdt. Dus: ik balt, laad, praat (notiid) - ik balte, lade, prate (doetiid). Ferdûbeling is der allinnich as dy d of t fuort op in koart lûd folget. Dus: ik bid, spat (notiid) - ik bidde, spatte (doetiid). It Frysk wykt hjir fan it Nederlânsk ôf. Yn it Nederlânsk wurdt konsekwint -de of -te yn de doetiid efter de stam set. Dus: ik laadde, praatte, spatte.

d) ûnfolsleine doetiid meartal: stam + den/ten:

  • wy/jo/jimme/hja draafden
  • wy/jo/jimme/hja hierden
  • wy/jo/jimme/hja pakten
  • wy/jo/jimme/hja praten

g) folsleine doetiid: stam + d/t:

  • ik haw/wy hawwe draafd
  • ik haw/wy hawwe hierd
  • ik haw/wy hawwe pakt
  • ik haw/wy hawwe praat