14.3 Bûgingsfoarmen fan ûnregelmjittige tiidwurden

Foarbyld fan de bûging fan in ûnregelmjittich -je-tiidwurd:

a) notiid inkeldtal: ‘reits’/ ‘rek’ + je, est, et:

  • ik reitsje, do rekkest, hy/hja/it rekket

b) notiid meartal: ‘reits’ + je:

  • wy/jo/jimme/hja reitsje

c) ûnfolsleine doetiid inkeldtal: stam ‘rek’+ e, est, e:

  • ik rekke, do rekkest, hy/hja/it rekke

d) ûnfolsleine doetiid meartal: stam ‘rek’ + en:

  • wy/jo/jimme/hja rekken

e) folsleine doetiid: stam ‘rek’ + e:

  • ik haw/wy hawwe rekke

Foarbyld fan de bûging fan in ûnregelmjittich -e-tiidwurd:

a) notiid inkeldtal: stam ‘wurd’ + 0, st, t:

  • ik wurd, do wurdst, hy/hja/it wurdt

b) notiid meartal: stam + e:

  • wy/jo/jimme/hja wurde

c) ûnfolsleine doetiid inkeldtal: stam ‘waard’ + 0, st, 0:

  • ik waard, do waardst, hy/hja/it waard

d) ûnfolsleine doetiid meartal: stam + en:

  • wy/jo/jimme/hja waarden

e) folsleine doetiid: stam ‘wurd’ + en:

  • ik bin/wy binne wurden