15 Ingelske tiidwurden

De bûging fan tiidwurden fan Ingelsk komôf is yn prinsipe deselde as dy fan de regelmjittige ‑je‑ en -e‑tiidwurden (sjoch 14). Utgongspunt is de stam sa’t dy yn it Ingelsk stavere wurdt. Utsûndering dêrop binne wurden mei in stam op twa bylûdtekens lykas follybalje en crosse (net: wy follyballje, hy crosst) en ynboargere wurden lykas skoare (net: ik haw scored, mar ik haw skoard).