Haadregel is dat eigennammen mei in haadletter skreaun wurde en soartnammen mei in lytse letter. In eigennamme is in offisjele namme dy’t nei in unike persoan, in unyk plak, in unyk ding, in unike saak, in unyk barren en sa ferwiist:
Opmerking: as in eigennamme út mear as ien wurd bestiet, dan wurde al dy wurden mei haadletter skreaun:
In soartnamme is in namme fan alle persoanen, plakken, foarwerpen ensafuorthinne dy’t ferwiist nei in persoan, plak, ding, saak ensafuorthinne:
Lykwols, as in ding in produkt fan arbeid of kreativiteit fan de neamde persoan is of mei dy persoan yn ferbân brocht wurdt, bliuwt de haadletter stean: