16.3 Ierdrykskundige nammen

a) nammen fan plakken, geaen, lannen, bergen, rivieren, stjerren, planeten ensafuorthinne wurde mei in haadletter skreaun; as it lidwurd ûnderdiel fan de namme is, wurdt dat ek mei haadletter skreaun:

  • Drachten
  • De Westereen
  • it Westerkertier
  • de Sahara
  • Nij-Seelân
  • de Alpen
  • de Mount Everest
  • de Lauwers
  • de Poalstjer
  • de Ierde

Opmerking: yn net-wittenskiplike teksten wurdt de ierde, de moanne, de sinne skreaun.

b) ôfliedingen en gearsettingen op basis fan in ierdrykskundige namme hâlde de haadletter:

  • Drachtster
  • Sahara-ekspedysje
  • Nij-Seelânsk

Mar as it ferbân mei de ierdrykskundige namme losser wurdt, ferliest de ôflieding of gearsetting syn haadletter:

  • bordeauxwyn
  • hollanisme
  • boergondysk
  • nylhoars
  • rynaak
  • marsmantsje