De stavering is basearre op it basisprinsipe fan de útspraak (fonologysk prinsipe).
Yn guon gefallen wurdt dêrfan ôfwykt troch it tapassen fan twa njonkenprinsipen:
a) it njonkenprinsipe fan de foarmoerienkomst (lykfoarmigens en analogy),
b) it njonkenprinsipe fan de etymology.
Dêrnjonken wurdt de stavering beskaat troch inkelde algemiene regels:
a) de regel foar ferdûbeling fan bylûdtekens,
b) de regel foar ferinkeling fan lûdtekens,
c) de regel foar feroaring fan lûdtekens,
d) de regel foar ynfoeging fan oergongslûdtekens.