16.4 Nammen fan wynstreken

a) nammen fan wynstreken wurde mei in lytse letter skreaun:

  • it súdeasten
  • it noarden

b) nammen fan wynstreken dêr’t in ierdrykskundich, ekonomysk of polityk gebiet mei oantsjut wurdt, wurde mei in haadletter skreaun:

  • Ljouwert en Grins lizze yn it Noarden
  • de wapenwedrin tusken East en West

c) nammen fan wynstreken dy’t diel útmeitsje fan ierdrykskundige nammen, wurde mei in haadletter skreaun:

  • Súd-Hollân
  • Noardwest-Fryslân

d) ôfliedingen fan wynstreken wurde mei in lytse letter skreaun:

  • easterske krûden
  • westerske machtspolityk
  • súdlike mentaliteit