16.5 Nammen fan talen, dialekten en dêroan ferbûne kultueren

a) nammen fan talen en dialekten wurde mei in haadletter skreaun:

  • it Frysk
  • it Westereendersk

Opmerking: keppelstreekjes of spaasjes dy’t foarkomme yn de ierdrykskundige namme dêr’t de taalnamme fan ôflaat is, bliuwe behâlden:

  • it West-Frysk
  • it New Yorksk

b) yn taalnammen dy’t gearstald binne mei ôfliedingen fan ierdrykskundige nammen, wurdt in keppelstreekje brûkt:

  • Belgysk-Nederlânsk
  • Yndo-Europeesk

c) eleminten as Standert-, Ald-, Mid-, Nij-, Heech-, Leech-, Plat- (mei haadletter) wurde fêst oan in taalnamme skreaun. In keppelstreekje wurdt allinnich brûkt as de taalnamme dy’t folget ek in keppelstreekje of in spaasje befettet:

  • Standertnederlânsk
  • Nijfrysk
  • Heechdútsk
  • Ald-West-Flaamsk
  • Plat-New Yorksk

d) subjektive beneamingen fan talen wurde mei in lytse letter skreaun:

  • bargedútsk
  • koeterwaalsk
  • stienkoalingelsk

e) ôfliedingen en gearsettingen op basis fan de namme fan in taal of de dêroan ferbûne kultuer wurde mei in haadletter skreaun:

  • Midfryske poëzy
  • Nederlânsktalige krante
  • ûn-Frysk
  • Dútskpratende toeristen

f) tiidwurden op basis fan de namme fan in taal of de dêroan ferbûne kultuer wurde mei in lytse letter skreaun:

  • ferfryskje