2.2 It basisprinsipe fan de útspraak

Neffens it fonologysk prinsipe wurdt in wurd stavere mei de klanken dy’t te hearren binne yn de útspraak fan it losse, op himsels steande wurd. Wy skriuwe bygelyks syn, omdat wy it as lossteand wurd mei in s, in y en in n útsprekke. Lykwols wurde lang net alle wurden neffens dat prinsipe stavere (sjoch 2.3, 2.4 en 2.5).

Lienwurden, dy’t yn de regel fia it Nederlânsk ta ús komme, wurde neigeraden dat se ynboargere reitsje en harren oan it Fryske taalsysteem oanpasse, ek neffens it fonologysk prinsipe stavere. Dat docht him ûnder oaren foar by de letter c dy’t yn it Frysk, al neffens de útspraak, stavere wurdt as k of s:

  • kausaal
  • relikt
  • resu
  • sivilisaasje

en by wurden mei de wurdeinen -int, -ysk, -sje, -zje (yn it Nederlânsk: ‑ent, ‑isch, ‑cie/‑sie, ‑ge)

  • patint
  • empatysk
  • kommersje
  • diskusje
  • staazje

Oare foarbylden binne de begjinletters v en z. Yn it Frysk wurdt oan it begjin fan in wurd nea in stimhawwende rûzer /v/ of /z/ útsprutsen, mar altyd in stimleaze rûzer /f/ of /s/, ek as dat wurd ûnderdiel is fan in gearstalling of in ôflieding. Oan it begjin wurdt dan ek in f of s stavere en net in v of z:

  • fleane, fuortfleane, opfleanend
  • soer, koalsoerhâldend, soerich

Foar frjemde wurden jildt dizze regel ek, behalve as in gearstalling of ôflieding net weromlaat wurde kin op in besteand grûnwurd yn it Frysk:

  • refyzje, telefyzje, want fyzje is in Frysk wurd
  • adverbiaal, want ferbiaal bestiet net
  • evakuaasje, want vakuaasje bestiet net

Wurden út it Ingelsk, ek gongbere, wurde faak net of oant in hichte oan it Frysk oanpast (sjoch 8 en 15).