17.2 Symboalen

Mei in symboal wurdt in wittenskiplik begryp, in ienheid of in faluta werjûn. De skriuwwize (yn letters of tekens) is neffens in fêststelde, faak ynternasjonale noarm. In symboal wurdt net útsprutsen, wol it wurd of de wurden dêr’t it symboal foar stiet. In symboal wurdt sûnder punten skreaun:

  • EUR, € - euro
  • mg - miligram
  • m/s - meter de sekonde
  • kHz - kilohertz
  • TB - terabyte
  • % - prosint

Guon ienheden wurde yn gewoane teksten net mei in symboal skreaun, mar mei in ôfkoarting

  • 100 gr. kokaïne
  • 15 sek. ynwurktiid