Inisjaalwurden en letterwurden besteane út de inisjalen fan in namme, in gearstald wurd of in wurdgroep en hâlde en drage harren yn de sin as wurden. Se wurde útsprutsen yn de koarte foarm, dus net mei de wurden dêr’t de inisjalen of letters foar steane. Fan in inisjaalwurd is sprake as de letters stik foar stik útsprutsen wurde (bygelyks pc /pe:se:/) en fan in letterwurd as it gehiel as ien wurd lêzen wurdt (bygelyks havo /ha:vo:/). Inisjaalwurden en letterwurden wurde yn prinsipe sûnder punten skreaun.
Opmerking: de skriuwwize wurdt brûkt dy’t in organisaasje sels keazen hat, ek as dy fan de regel ôfwykt: