17.3.1 Opmerkingen oangeande it brûken fan punten

a) inisjaalwurden dy’t oarspronklik útsprutsen waarden as de wurden dêr’t se foar steane (dus ôfkoartingen wiene), mar dy’t tsjintwurdich in letter-foar-letterútspraak hawwe, wurde mei punten skreaun:

  • a.m. - ante meridiem
  • c.q. - casu quo
  • s.v.p. - s’il vout plaît

b) inisjaalwurden dy’t ferkeard lêzen wurde kinne, meie mei punten skreaun wurde (dus as in ôfkoarting) as binnen de kontekst twivel oer de betsjutting bestiet:

  • k.o. (knock-out) - ko (hoarnbist)