17.4 Ferkoartingen

Ferkoartingen besteane út ien of mear (dielen fan) wurdlidden en hâlde en drage harren yn de sin as wurden. Se wurde útsprutsen yn de koarte foarm, dus net mei de wurden dêr’t de ôfsûnderlike wurdlidden foar steane. Ferkoartingen wurde mei lytse letters skreaun behalve as it om in eigennamme of in offisjele beneaming giet:

  • airco - airconditioning
  • Benelúks ‑ België, Nederlân en Lúksemboarch
  • hafabra - harmony, fanfare en brassband
  • hifi - high fidelity
  • homo - homoseksueel
  • webzine - webmagazine