18.1 Gearstalde wurden

a) gearsettingen wurde ôfbrutsen tusken de gearstallende dielen:

  • auto-doar
  • daks-goate
  • hûne-hok

b) ôfliedingen mei in foarheaksel wurde ôfbrutsen nei it foarheaksel:

  • be-komme
  • ge-raas
  • ûnt-rinne

c) ôfliedingen en bûgingsfoarmen mei in efterheaksel dat mei in bylûd begjint, wurde ôfbrutsen nei it grûnwurd:

  • brech-je
  • fyts-te
  • yt-ber
  • kont-sjedraaie
  • krant-sje
  • man-tsje
  • moai-ste
  • rech-je

Opmerking: it efterheaksel -je yn tiidwurden telt as in efterheaksel dat mei in lûd begjint (sjoch fierder paragraaf 18.2.c).