19.1 Oardering

De list is alfabetysk oardere. Dêrby wurde spaasjes, lizzende streekjes (-), skeane streekjes (/) en punten negearre:

  • adheezje
  • ad hoc
  • adieu
  • A-dyk
  • ad ynterim
  • adj.
  • adjektyf
  •  
  • o/m
  • om
  • Omaanse

Neffens de gongbere Fryske alfabetisearring yn wurdboeken en wurdlisten wurdt de letter y by i behannele:

  • ikman
  • ykmaster
  • ikoan

De i komt dêrby foar de y:

  • in
  • yn
  •  
  • pik
  • pyk

By staveringsferskil op grûn fan diakrityske tekens komt de foarm sûnder teken earst en jildt fierder de skikking ` ˊ  ̂   ̈

  • appel
  • appèl
  •  
  • beamte
  • beämte
  •  
  • pún
  • pûn
  •  
  • stal
  • stâl

Spesjale tekens komme foar sifers en sifers komme foar letters:

  • A
  • A3
  • A4
  • AA
  •  
  • C
  • C14-datearring
  • C14-metoade
  • c.a.
  • camper
  • camping

de apostrof ' komt nei de lykstavere foarmen dêrsûnder:

  • e
  • 'e
  •  
  • eart
  • ear't

Lytse letters komme foar haadletters:

  • hamster
  • Hamster

Homonimen en homografen fan ferskillende wurdsoarte wurde neffens wurdsoarten oardere: lidwurd, haadwurd, eigenskipswurd, telwurd, foarnamwurd, tiidwurd, bywurd, ferhâldingswurd, bynwurd, útropwurd:

  • fan (famyljenamme), haadwurd de
  • fan (oanhinger), haadwurd de
  • fan ferhâldingswurd
  •  
  • gâns eigenskipswurd
  • gâns telwurd
  • gâns bywurd

Homonimen en homografen fan deselde wurdsoarte mei gelikense bûging hawwe ien yngong:

  • raket [ra.ket], haadwurd de, raketten [ra.ket.ten], raketsje [ra.ket.sje]
    Opmerking: raket as namme fan in slachte fan planten en as oantsjutting foar in projektyl mei eigen oandriuwing.

By homonimen en homografen fan deselde wurdsoarte, mar mei ûngelikens lidwurd of ûngelikense bûging, wurdt de betsjutting nei it lemma oanjûn:

  • aai (oanrekking), haadwurd de, aaien [aai.en], aaike [aai.ke]
  • aai (aaisel), haadwurd it, aaien [aai.en], aike [ai.ke]
  •  
  • roppe (lûd jaan), [rop.pe], tiidwurd, doetiid: rôp, mulwurd: roppen [rop.pen]
  • roppe (lûke, skuorre, plôkje), [rop.pe], tiidwurd, doetiid: ropte, mulwurd: ropt