2.3.1 Lykfoarmigens en analogy

It njonkenprinsipe fan de foarmoerienkomst hâldt yn dat in selde wurd of wurdstam binnen in selde wurdfamylje of in selde efter- of foarheaksel op deselde wize stavere wurdt. Wurden dy’t op analoge wize foarme binne, wurde op analoge wize stavere. As gefolch fan dit prinsipe kin de skriuwwize ôfwike fan de útspraak. Tapassing fan it prinsipe docht him ûnder oaren foar:

a) by de einlûdferskerping fan de ploffers b en d, en fan de rûzer w yn it tiidwurd hawwe:

  • b útsprutsen as /p/ bliuwt b, dus: webben mei /b/ njonken webside mei /p/
  • d útsprutsen as /t/ bliuwt d, dus: hurde mei /d/ njonken hurd mei /t/
  • w útsprutsen as /f/ bliuwt w, dus: hawwe mei /v/ njonken ik haw mei /f/

b) yn it werjaan fan in klank mei twa bylûdtekens:

    men heart ien bylûd, mar skriuwt twa, bygelyks: stedssintrum, ûntteie, breedte, hy wurdt (sjoch 2.5.1)

c) by ynfloed fan klanken deromhinne:

    In klank kin feroarje ûnder ynfloed fan in foarôfgeande of folgjende klank (assimilaasje, nasalearring, syllabisearring). Sokke ferskillen yn útspraak liede net ta in ferskillende stavering.

    In foarbyld fan assimilaasje is it wurd flapdrol. Wy sizze /flabdrɔl/, mei in b, mar skriuwe likegoed in p.

    Nasalearring docht him foar by lûden, folge troch in n en de rûzers /s/, /z/, /f/ of /v/, de likwiden /r/ of /l/ of de heallûden /j/ of /ṷ/. Dêrby ferdwynt de n en wurdt it lûd nasaal en ûndergiet it ek faak rekking. Wy sizze bygelyks /ve:nst/, mei in lange e en sprekke de n troch de noas út, mar skriuwe likegoed winst om deselde foarm as yn winne te hâlden.

    Syllabisearring docht him foar by it /ə/-lûd, yn itselde wurdlid folge troch in nasaal of in likwide, by -el, -em, -sum, -en, -ing en -er. Dêrby ferdwynt it /ə/-lûd en wurdt it folgjende bylûd syllabysk. Wy sizze bygelyks /fu̯otṇ/ en /trɛpṃ/, sûnder e en mei in dúdlike n respektyflik in oan de p assimilearre m, mar staverje likegoed fuotten en treppen.

    Oare foarbylden fan ynfloed fan klanken deromhinne binne de útfal fan de r yn gearstalde wurden lykas hierkaam of de útfal fan de t yn bylûdklusters, bygelyks kastke. Dy útfallen klanken wurde likegoed al stavere.

d) by tiidwurdstammen op -ch yn ôfliedingen mei it efterheaksel -ber, nei analogy fan ôfliedingen mei it efterheaksel -lik:

  • ch foar it efterheaksel -ber wurdt útsprutsen as /g/ en skreaun as ch (draachber)
  • ch foar it efterheaksel -lik wurdt útsprutsen as /x/ en skreaun as ch (draachlik)

Opmerking: bûten dizze regel falle de wurden daagliks, deeglik, mooglik (gjin tiidwurdstam).