By it njonkenprinsipe fan de foarmoerienkomst binne útsûnderingsgefallen. De wichtichste binne:
a) de einlûdferskerping fan rûzers:
b) de ferkoarting fan lange lûden by bûging, ôflieding en gearsetting, bygelyks:
c) de beheining fan bylûdtekens by tiidwurdútgongen, en guon efterheaksels dy’t mei ‑s of ‑t begjinne, bygelyks:
Sjoch ek 11.b.
d) de brekking fan oe:
de brekking fan oe wurdt neffens it fonologysk prinsipe stavere, dus: hoed-huodsje (net: hoedsje); by de brekking fan ea, ie en oa wurdt lykwols it prinsipe fan de foarmoerienkomst folge, dus: tean-teannen, papier-papierke, doar-doarke. Wêr’t dat mooglik is, wurdt de brekking mei bylûdferdûbeling oanjûn, bygelyks yn teannen en doarren.
e) histoaryske gefallen fan brekking:
histoaryske gefallen fan brekking wurde al sûnt jier en dei yn de stavering honorearre, bygelyks kjeld, rjemme, stjerre, hjir, skjin (net: keald, reamme, stearre, hier, skien)