2.4 It njonkenprinsipe fan de etymology

It njonkenprinsipe fan de etymology hâldt yn dat by it staverjen fan eigen wurden soms rekken hâlden wurdt mei de histoaryske ûntjouwing fan de klanken en de eardere skriuwwize yn it Frysk.

Foarbylden:

a) yn guon grûnwurden wurdt de l net mear útsprutsen foar d of t, mar wol skreaun, bygelyks âlden, sâlt

b) de r yn grûnwurden wurdt net foar d, t, s, z, n en l net mear útsprutsen, mar noch wol skreaun, bygelyks hurd, bern, kerl, swart

c) yn grûnwurden wurdt de h net mear útsprutsen foar in j, mar noch wol skreaun, bygelyks hjerst, hjir, hjoed

d) foar s, l, d, t, n (ezelsbrechje: soldaten) wurdt meastentiids in /ɔ/ útsprutsen, mar in a skreaun lykas yn de etymologysk besibbe wurden yn it Nederlânsk, dus: jas, falle, kladderje, kat, panne

e) it efterheaksel -lik wurdt útsprutsen mei in /ə/, mar stavere mei in i, omdat it yn in earder taalstadium ek mei in i stavere waard

f) yn sprektaal wurde folle lûden gauris ferswakke ta it /ə/-lûd. Bygelyks, garaazje wurdt útsprutsen as geraazje of sels graazje. Dy ferswakking wurdt net yn de stavering honorearre. Lykwols binne der útsûnderingen, bygelyks knyn en plysje. De redusearre foarm is dêr sa ynboargere dat de oarspronklike foarm konyn respektyflik polysje net mear brûkt wurdt.

It njonkenprinsipe fan de etymology hâldt ek yn dat frjemde wurden harren oarspronklike stavering hâlde kinne. Se wurde skreaun sa’t se yn de taal fan ûntliening besteane (bygelyks lits-jumeaux), mar se kinne ek sa ynboargere rekke wêze dat se stavere wurde neffens it fonologyske prinsipe fan it Frysk (bygelyks sjoernaal). Benammen de stavering fan wurden út it Ingelsk wurdt faak net oanpast, ek al giet it om gongbere wurden (bygelyks zappe).