2.5.1 Ferdûbeling fan bylûdtekens

In inkeld bylûdteken dat tusken twa lûden stiet, dêr’t it earste fan it koarte ienlûd /ɪ/, /ɛ/, /ö/, /a/, /o/ of /ɔ/ of it opgeande twalûd /jɪ/, /jɛ/, /ṷa/ of /ṷo/ is, wurdt ferdûbele om lêsbetizing tefoaren te kommen. Dy ferdûbeling bart mei de bylûdtekens b, d, f, g, k, l, m, n, p, r, s, t, w (allinnich yn hawwe), z. Foarbylden:

  • /ɪ/ djipper, griffy, libben, rinne, sizze
  • /ɛ/ leffert, kennis, memmetaal, webben
  • /ö/ hutte, ynplugge, juffer, lummel
  • /a/ flaggen, hawwe, namme
  • /o/ flokke, mollen, sjogge, stobbe
  • /ɔ/ jassen, latte, lotterij, offer, stroppen
  • /jɪ/ jierren, kiezzich, triedden, wiette
  • /jɛ/ bedjerre, heakken, mealle, rjemme
  • /u̯a/ doarre, groattenbrij, moanne, skoalle
  • /u̯o/ fuotten, huodden, kuorren, puozze

Bylûdtekens wurde net ferdûbele:

a) nei de koarte ienlûden /i/, /ü/, /u/ en /ə/, de lange ienlûden, de delgeande twalûden en de trijelûden, en mei de bylûdtekens ch, ng en v, bygelyks:

  • fine, apenutedop; sweve, wêze; fleane, koade; dweil; bochel, wangen

b) yn in ûnbeklamme wurdlid, folge troch in /ə/-lûd, bygelyks:

  • ik biezeme, lobbesen, perziken, Akkrumer

Opmerking: as útsûndering jilde grûnwurden op -nis, dus: ik tennisse, fûnissen

c) op de grins fan in gearstald wurd, bygelyks:

  • kateftich, nulopsje