2.5.2 Ferinkeling fan lûdtekens

Ferinkeling fan lûdtekens komt foar by de lange lûden /a:/, /e:/, /i:/, /o:/. Yn in sletten wurdlid wurde se mei twa identike lûdtekens skreaun, mar yn in iepen wurdlid mei in inkeld teken. Foarbylden: laach - lagen, streek - streken, liif - livich, smook - smoke

Oan de ein fan in wurd, ek as it ûnderdiel fan in gearstalling of ôflieding is, wurde de /a:/ en /o:/ mei ien lûdteken skreaun en de /e:/ mei twa; de /i:/ komt net yn dizze posysje foar:

  • beha, behake
  • ka, kake
  • ko, koke
  • buro, burosjef, buroke
  • kokeal, komolke
  • see, seegat, seeke