3.1 Opmerkingen foarôf

Der binne minder letters beskikber as dat der klanken binne. Guon klanken wurde mei twa of mear letters werjûn (digrafy) of mei help fan diakrityske tekens. Digrafy docht him foar by de twa- en trijelûden en by de bylûden /x/ en /ŋ/, respektyflik stavere as ch en ng. Diakrityske tekens wurde brûkt foar lange lûden (â, é, ê, ô, ú, û) en koarte (ú, û). Guon klanken wurde ek wol mei oare diakrityske tekens oanjûn lykas it stompteken (yn appèl en ) en it dielteken (yn knäckebröd).

Yn de foarbylden dy’t yn it oersjoch jûn wurde, komt it klankteken net altyd oerien mei de fonetyske oantsjutting fan de klank. Bygelyks, yn heakken wurdt ien /k/ útsprutsen en oan de ein /ŋ/, mar wurde twa bylûdtekens k skreaun en oan de ein en, yn bânplakke wurdt de n foar de p as /m/ útsprutsen, mar wurdt in n skreaun en yn in lienwurd as gel wurdt /dʒ/ útsprutsen, mar wurdt yn stee fan dzj in g skreaun. De prinsipen en regels fan de stavering binne yn paragraaf 2 wiidweidich beskreaun, hjir wurdt folstien mei it jaan fan in rynsk tal foarbylden.

Der is diskusje oer oft mingde bylûden as selsstannige bylûden of as in kombinaasje fan lossteande bylûden sjoen wurde moatte. Yn it International Phonetic Alphabet (IPA) wurde de mingde bylûden /ʒ/en /ʃ/, respektyflik stavere as zj en sj, beskôge as selsstannige bylûden en rekkene ta de saneamde rûzers, en wurde de mingde bylûden /dz/, /ts/, /dʒ/, /tʃ/ en /c/, respektyflik stavere as dz, ts, dzj, tsj en tj, groepearre ûnder de neamer fan affrikaten. Al dy bylûden wurde hjir lykwols beskôge as kombinaasjes fan lossteande bylûden, krektsa as de mingde bylûden /kv/ of /ku̯/ en /ks/, respektyflik stavere as kw en ks, dat binne, of as kombinaasjes fan in bylûd en it earste part fan in brutsen lûd (yn âlde brekkingsprodukten lykas bjinne, ljocht, rjemme, stjerre).

It Frysk hat in ryk ferskaat oan lûden. Njonken koarte en lange ienlûden is der in grut tal twa-en trijelûden. Yn it oersjoch fan de lûden komme lykwols lang net alle mooglike farianten oan ’e oarder. It oersjoch beheint him ta it Standertfrysk. Bygelyks, by it lange ienlûd /ö:/ wurdt net neamd dat dat lûd ek mei in ui skreaun wurdt yn wurden as spuit en trui (De Westereen /spö:t/, /trö:/). Foar de útspraak fan de ei yn bygelyks dei en jeie wurdt hjir standert útgien fan de /ai̯/‑klank. Wa’t mear witte wol oer fariaasje yn de útspraak, kin it Wurdboek fan de Fryske taal rieplachtsje (http://gtb.inl.nl/?owner=WFT).

Der wurdt ek gjin omtinken jûn oan de útspraakferoaring troch nasalearring. Dat betsjut dat bygelyks by de beskriuwing fan de stavering fan it /e:/-lûd de stavering mei in i lykas yn winst net neamd wurdt, en by it /o/‑ /ᴐ/‑ en /ü/‑lûd de nasalearre en rutsen útspraak yn bygelyks konflikt, ronfel, manlju, dúnsk en húnsk gjin omtinken kriget. De stavering fan it nasalearre /i:/‑lûd mei in y lykas yn fynst en wynsk wurdt yn de beskriuwing likemin achtslein.

Fierders wurde troch assimilaasje bylûden wolris oars útsprutsen as dat se skreaun wurde. Bygelyks, yn ynpakke wurdt ûnder ynfloed fan de p net in /n/, mar in /m/ sein. By de beskriuwing fan de stavering fan de bylûden wurde sokke gefallen net achtslein.

Yn it oersjoch wurdt hoeden omgien mei it jaan fan foarbylden fan liende wurden, omdat it net altyd dúdlik is wêr’t in lûd of bylûd by ûnderbrocht wurde moat. Bygelyks de g yn gel sprekt de iene út as /dzj/ en de oare as /zj/ en miskien wol as /sj/. Oare foarbylden binne de a yn freelance, dy’t de iene mei it lange ienlûd /ɛ:/ útsprekt en de oare mei in /ɔ:/, of de eu yn terapeut, dy’t sawol mei in /ö:/ as mei in /ɔ̈.i̯/ útsprutsen wurdt.