3.2.1.1 /i/

a) werjûn as y yn in sletten wurdlid, oan in wurdein of foarheakselein:

  • bryk, Frysk, yllúzje, wyt; bûzjy, dy, trilogy, woepsty; antyklimaks, semyamtlik

Opmerking: as de y oan de ein fan in wurd stiet, feroaret dy net yn i as by meartalsfoarming of ferlytsing de y yn iepenwurdlidposysje komt (sjoch 2.5.3). De y bliuwt dus stean yn bygelyks melodyen en melodyke. Yn gearstallingen bliuwt de y ek stean as dy oan de wurdein fan it earste lid fan de gearstalling stiet. In foarbyld is antyklimaks.

b) werjûn as i yn in iepen wurdlid:

    aktiva, brike, ite, kinine, sigaret

c) werjûn as y dêr’t it Nederlânsk de Grykske y hat:

    embryo, pyama, syklus, typearje