1.1 Foarskiednis

Yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw bestiene njonken inoar noch ferskate staveringen fan it Frysk. Guon folgen de stavering fan de santjinde-iuwske dichter Gysbert Japicx nei, oaren giene te seil op de Aldfryske skriuwwize, en der wiene guon dy’t neffens de gongbere útspraak staveren. Om ienheid yn de stavering te bringen, kaam it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse yn 1879 mei troch in kommisje gearstalde nije staveringsregels, dy’t langer as in heale iuw brûkt wurde soene. Dy stavering fan 1879, ek wol de Selskipsstavering neamd, wie de mear of minder offisjele Fryske stavering. Hy wie dan wol net goedkard troch in offisjeel orgaan, mar waard wol brûkt yn it (trijedielige) Friesch Woordenboek fan Waling Dykstra (1900-1903-1911), dat finansiere waard troch it provinsjaal bestjoer.

Yn de earste helte fan de tweintichste iuw bleau der diskusje oer staveringskwestjes bestean, benammen yn ûnderwiisrûnten. De stavering joech tefolle didaktyske problemen. Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch, doe’t de measte Fryske boeken útferkocht wiene, wie de tiid ryp foar in staveringsferoaring. De Fryske Akademy rette yn 1945 in staveringsferienfâldiging ta. De stavering mei dy ferienfâldigingen hat oant 1980 jildich west. Yn de sechstiger jierren wie der fannijs diskusje oer de stavering. Der kamen trije stânpunten oan ’e oarder: de besteande Akademystavering hanthavenje, in beheinde staveringsferoaring trochfiere of ta in fiergeande staveringsferoaring komme. De Provinsje, dy’t yn 1969 yn it ramt fan syn foech op it stik fan de Fryske kultuer de ferantwurdlikheid foar de stavering op him nommen hie, keas de middenwei en besleat ta in beheinde staveringsferoaring, yn 1976 foar Fryskeigen wurden en yn 1982 foar frjemde wurden.