1.2 Resinte oanpassingen

Yn 2011 krige de Fryske Akademy fan de Provinsje de opdracht om in foarkarswurdlist foar it Frysk gear te stallen, ferlykber mei de Woordenlijst Nederlandse Taal, ek wol Het Groene Boekje neamd. It seit himsels dat by it gearstallen fan dy list de besteande Fryske staveringsregels tapast wurde moatte. Mar, by it tariedend wurk oan de list rûnen de gearstallers dertsjinoan dat guon staveringsregels net helder binne en yn de praktyk net altyd goed tapast waarden. Ien fan de oarsaken fan dy ûnhelderheid is, dat sûnt 1879 yn de ‘offisjele’ Fryske staveringsregels in kear of wat wizigingen oanbrocht binne sûnder dat de regels yn harren hiele hear en fear op ’e nij formulearre binne. Omdat mei guon besteande regels of regelwizigingen net goed te wurkjen is, en der yn de praktyk ek net altyd mei wurke is, hawwe de Provinsjale Steaten nei advys fan de Fryske Akademy besletten om de besteande regeljouwing hjir en dêr oan te passen. It útgongspunt dêrby is, dat sa min as mooglik fan de besteande staveringsregels en ‑praktyk ôfwykt wurdt. Hjir folget no in oersjoch fan dy oanpassingen.