1.2.2 eo en eau

It Frysk hat foar it twalûd /ö.ə/ ûngelikense staveringen, te witten eo en eau. Foarbylden: sneon en dreaun. Dat bliuwt sa, mar foar ien wurd komt klearrichheid, te witten reauntsje, dat ek wol ris as reontsje stavere waard. It wurdt no konsekwint reauntsje.