1.2.3 ieu en iuw

Oant no ta waarden foar it twalûd /i:ṷ/ twa ferskillende staveringen brûkt, te witten ieu (yn ieu, Sieusk, Hebrieusk) en iuw (yn kiuw, liuw, miuw en spriuw). Tenei wurde al dy wurden mei iuw stavere, lykas de tiidwurden bliuwe, driuwe, kliuwe, piuwe, priuwe, riuwe, skriuwe, triuwe, wiuwe en wriuwe.