3.3.1 Ploffers (eksplosiven)

By it foarmjen fan eksplosive bylûden komt de lucht mei in plofke ta de mûle út. By guon trilje de stimbannen mei, de stimhawwende bylûden /b/, /d/ en /ɡ/, en by guon dogge se dat net, de stimleaze bylûden /p/, /t/ en /k/.

a) de /b/ yn begjinne, bleat, dobbe, karbonade, rubber, sabbat

b) de /d/ yn addisjoneel, dogma, flarden, middel, stúdzje, widze

c) de /ɡ/ yn egaal, grou, jogge, psygoaze; achillessine

d) de /p/ yn beppe, gips, pears, rapport; abt

e) de /t/ yn fierte, lotterje, meitsje, muonts, sleatten, tjirgje, tsjoar; âld, frijheid, gebed

f) de /k/ yn heakken, koart, kwea, suffiks, wolk; accountant, crossauto, snack, x-as