3.3.2 Rûzers (frikativen)

Frikative bylûden wurde foarme wannear’t troch in fernauwing fan de mûleholte in lichte wriuwing ûntstiet. De bylûden /v/, /z/ en /g/ binne stimhawwend, de bylûden /f/, /s/ en /x/ stimleas.

a) de /v/ yn drave, evaluaasje, hawwe, healwei, rôvje, wetter

b) de /z/ yn bagaazje, doaze, ferantwurdzje, hazze, knodze, trageedzje

c) de /g/ yn drage, mooglik, rogge; bûchber

d) de /f/ yn flok, ynfalide, koffer, sfear, telefyzje, wolf; advokaat, (ik) haw, yntrovert

e) de /s/ yn gers, fossyl, fûstkje, húske, ynteresse, krúslings, pleats, seadde, sello, sjalot, strjitte, tsien, tsjerke; amazône, dizze, kezyn, zappe

f) de /x/ yn behaachlik, bichje, dochs, jacht, noch, psychiater; maggy, röntgen