De /h/, /j/ en /ṷ/ binne gjin echte bylûden, mar ek gjin lûden. De /h/ sit ticht tsjin de /ə/ oan, de /j/ hat wat /i/-eftichs en de /ṷ/ wat /u/-eftichs. De /h/ komt allinnich oan it begjin fan in wurdlid foar. De /j/ komt yn in soad bylûdklusters oan it wurdbegjin foar en yn twa- en trijelûden. De /ṷ/ komt benammen yn twa- en trijelûden foar.
a) de /h/ yn hâlde, hynder, hoeke, huzaar, ynhelje
b) de /j/ yn fjouwer, jimme, rjocht, strjitte; driuwe, earnst /jɛ:/, hjerst, hjoed, yup, triedden /jɪ/
c) de /ṷ/ yn ablaut, dowen, dressoir, hoastje, muoike, oarder, Siuwsk