4 Diakrityske tekens

Diakrityske tekens binne skrifttekens dy’t op in lûdteken set wurde en nedich binne fanwegen de útspraak of de klam. Yn de regel wurde se net op haadletters set. Yn it Frysk wurde brûkt:

a) it breedteken of kapke (accent circonflexe)

  • it breedteken wurdt op de a, e, o en u set om respektyflik de lûden /ɔ:/, /ɛ:/, /ɔ:/ en /u(:)/ wer te jaan. Foarbylden: bêd, mûs, nâle, rôle, sûn
  • it breedteken wurdt ek foar oare lûden brûkt, mar dan allinnich yn guon frjemde wurden. Foarbyld: debâkle

b) it skerpteken of streekje nei rjochts (accent aigu)

  • it skerpteken wurdt op de u yn sletten wurdlidden (útsprutsen as /ü/) set om ûnderskied te meitsjen mei de u, útsprutsen as /ö/. Foarbyld: brút njonken brut
  • it skerpteken wurdt soms op de e (útsprutsen as /e:/) set om ûnderskied te meitsjen mei de e, útsprutsen as /ə/. Foarbylden: grouwélich en sosjéteit.
  • it skerpteken wurdt ek brûkt as klamteken. It wurdt op it lûd fan it te beklamjen wurd of wurdlid set. By lûden dy’t mei mear as ien lûdteken werjûn wurde, wurdt it klamteken allinnich op de earste twa lûdtekens set. In útsûndering dêrop is de ij, de klam dêrop wurdt werjûn as íj. Foarbylden: fíj, sa net!, fúórt do!, it aldermóáiste!

c) it stompteken of streekje nei lofts (accent grave)

  • it stompteken wurdt inkeld yn guon frjemde wurden brûkt. Foarbylden: à, appèl

d) dielteken of trema (umlaut)

  • it dielteken wurdt benammen brûkt by lûdstjitting (sjoch 6)
  • it dielteken wurdt fierders brûkt yn guon frjemde wurden. Foarbylden: föhn, knäckebröd