6.1 Haadregel

Wannear’t twa letters dy’t tegearre ien lang lûd of in twalûd foarstelle net as sadanich lêzen wurde moatte, mar apart, omdat se ta ferskillende wurdlidden hearre, is der sprake fan it stjitten fan lûden. Dat komt foar yn gearsettingen, ôfliedingen en ûntliende wurden dy’t hjir as net-gearstald beskôge wurde (sjoch foar útlis 6.2.a). Yn gearsettingen wurdt in keppelstreekje brûkt en yn ôfliedingen en as net-gearstald beskôge ûntliende wurden in dielteken. It keppelstreekje en it dielteken wurde brûkt om betizing foar te kommen. It keppelstreekje komt foar, en it dielteken op it lûdteken dat oan it begjin fan it twadde wurdlid stiet. Sjoch ek 6.2.d.

De folgjende lûden stjitte:

  • aa twa-akter, Kanaänyt
  • ai brea-ite, kokaïne
  • ea kwee-appel, beämte
  • ee see-earm, geëamel
  • ei trije-ienheid, beïerdiging
  • eo preökkupaasje
  • eu make-up, reüny
  • ie wei-ebje, gemikaliën
  • ii mei-inoar, buiïch
  • oa ko-assistint, koälysje
  • oe foto-elektrysk, poëzy
  • oi sto-ier, heroïne
  • oo radio-omrop, koördinator
  • ue nachtpau-each, fonduë
  • ui bou-ikker, yntuïtyf
  • uo opbou-orgaan, muön

Opmerking: by ôfbrekking ferfalt it dielteken op de earste letter fan de folgjende tekstrigel.