a) wurden mei in foarheaksel fan Gryksk of Latynsk komôf
- dy wurden wurde behannele as gearsettingen, as se weromkennen wurde as de som fan beide dielen. Bygelyks, pseudowittenskiplik is ‘pseudo, sabeare + wittenskiplik’. By lûdstjitting krije se in keppelstreekje. Foarbylden: ko-assistint, kontra-ekspertize, makro-ekonomy, pre-advys, vice-admiraal.
- dy wurden wurde behannele as ôfliedingen, as se net weromkennen wurde as de som fan beide dielen. Bygelyks, reüny is foar de gewoane taalbrûker net ‘fannijs + uny’. By lûdstjitting krije se in dielteken. Oare foarbylden: koälysje en preälabel.
b) wurden mei in telwurd
- telwurden dy’t kombinearre wurde mei oare wurden krije by lûdstjitting in keppelstreekje, bygelyks: twa-aaiïch, trije-ienheid
c) wurden mei it efterheaksel -eftich
- dy wurden wurde behannele as gearsettingen. By it stjitten fan lûden krije se in keppelstreekje. Foarbylden: klisjee-eftich, mearke-eftich.
d) trije of mear lûdtekens efterinoar
- as it lûd dat in dielteken krije moat mei twa tekens werjûn wurdt, dan kriget allinnich it earste lûdteken in dielteken:
-
- be + einigje, dus beëinigje
- re + eel, dus reëel
-
- Opmerking: nei in i jildt dizze regel net:
-
- aai + e, dus aaie
- bei + en, dus beien
e) werkenber wurdbyld
- as it wurdbyld gjin útspraakbetizing jout, wurdt it dielteken weilitten, bygelyks akkordeon, alinea, duo, yntellektuelen, kopiearje, museum. It dielteken wurdt ek weilitten yn wurden dy’t noch as folslein net-eigen beskôge wurde, bygelyks ekstraneus, lesbienne, maestro, optisien, paella. De Foarkarswurdlist jout útslútsel.