7.1 Wurdgroep, gearsetting en ôflieding

In wurdgroep is in rige wurden dy’t byinoar hâlden wurde troch in grammatikaal ferbân, lykas yn in sin. Dat ferbân hoecht net yn de stavering sjen litten te wurden:

  • de giele bal
  • op ’en paad
  • ad ynterim

As twa wurden byinoar brocht wurde om der in nije betsjutting mei út te drukken, dan komt dat ferbân yn de stavering ta utering troch de wurden oaninoar te skriuwen:

  • pasklear
  • túnstoel
  • ûndernimme

As in wurd kombinearre wurdt mei in foar- of efterheaksel, dat net as in selsstannich wurd bestiet, wurdt dat gehiel in ôflieding neamd. De dielen fan in ôflieding wurde ek oaninoar skreaun:

  • earsum
  • fergunne
  • ûnhandich

De haadregel is dus dat wurdgroepen los skreaun wurde en gearsettingen en ôfliedingen oaninoar. Yn guon bysûndere gefallen wurdt in keppelstreekje of in apostrof brûkt (sjoch 7.2 oant en mei 7.8).

Ofwikend fan de haadregel mei in keppelstreekje ek brûkt wurde as in gearsetting of ôflieding in lestich wurdbyld jout (bygelyks lânbouuniversiteit) of op mear as ien wize lêzen wurde kin (bygelyks tellereed). Yn de Foarkarswurdlist wurdt dat opsjonele keppelstreekje net oanjûn.

By it oaninoarskriuwen moat fierders rekken hâlden wurde mei it stjitten fan lûden. Yn dat gefal wurdt ek in keppelstreekje brûkt, of in dielteken.