7.2 Bysûndere gefallen: gearsettingen en ôfliedingen

a) lykweardige eleminten

  • tusken twa lykweardige eleminten yn in gearstald wurd, dy’t yn prinsipe mei-inoar ferwiksele wurde kinne, wurdt in keppelstreekje brûkt, bygelyks biologysk-dynamysk, rjochts-ekstremistysk, swart-wyt, skriuwer-skilder. As in gearsetting fan twa eigenskipswurden yn prinsipe net omwikselber is, dan wurde de beide parten oaninoar skreaun. Sa betsjut populêrwittenskiplik net: populêr en wittenskiplik, mar op in populêre wize wittenskiplik. Oare foarbylden: privaatrjochtlik, kristendemokratysk.
  • in keppelstreekje wurdt ek brûkt as it earste part fan in gearstald wurd ferwiist nei in plak of in befolkingsgroep, bygelyks Frysk-nasjonalistysk, Nederlânsk-herfoarme, roomsk-katolyk.
  • haadwurden dy’t foarme binne op basis fan soksoarte gearstalde wurden, hâlde de skriuwwize (mei keppelstreekje of oaninoar), dus: in rjochts-ekstremist, in swart-wytfoto, in kristendemokraat.

b) twaliddich gearstalde geografyske nammen

  • geografyske nammen mei as earste diel in wurd as East, Noard, Súd, West, Sintraal, Heech, Leech, Boppe, Midden, Under, Ald, Nij, Latynsk, Nederlânsk, Yndo, Sint wurde mei in keppelstreekje skreaun, bygelyks Latynsk-Amearika, Nij-Seelân, Noard-Hollân, Sint-Nyk.
  • gearsettingen mei en ôfliedingen fan geografyske nammen hawwe ek in keppelstreekje, dus: Latynsk-Amerikaansk, Nij-Seelânreis, Noard-Hollanner, Sint-Nykster.
    Opmerking: útsûnderingen binne guon geografyske nammen lykas Aldeboarn, New York, Nij Beets, Westhim. Yn gearsettingen mei en ôfliedingen fan sokke nammen wurdt de offisjele skriuwwize folge, dus Alde Leister (njonken Alde Leie), Noardburgumer (njonken Noardburgum), New Yorktrip (njonken New York).

c) twadde wurddiel mei haadletter

  • yn gearsettingen en ôfliedingen wurdt foar in wurddiel mei in haadletter in keppelstreekje brûkt, bygelyks anty-Hollânsk, pro-Deosaak, Súdwest-Fryslân, ûn-Ingelsk, pan-Arabysk.

d) gearsetting en ôflieding mei in sifer, in losse letter of in symboal

  • yn gearsettingen stiet in keppelstreekje foar of nei in wurddiel besteande út in sifer, in losse letter of in symboal, bygelyks 50-jierrich, 06-nûmer, D-trein, i-grek, tusken-s, $-teken.
    Opmerking: wurdt in wurd folge troch in sifer dat of in letter dy’t in kategory oantsjut, dan is it gehiel in wurdgroep. De dielen wurde dan net oaninoar skreaun, dus: fitamine B, top 10. In gearstalling mei sa’n wurdgroep kriget mar ien keppelstreekje, dus: fitamine B-tekoart, top 10-plaat.
  • yn ôfliedingen wurdt nei in sifer, in losse letter of in symboal in apostrof brûkt, bygelyks A4ke, b’s.

e) gearsetting en ôflieding mei in inisjaalwurd, dat is in wurd dat bestiet út de inisjalen fan in namme.

  • yn gearsettingen stiet foar of efter in inisjaalwurd in keppelstreekje, bygelyks muzyk-dvd, pdf-bestân, VVD-politikus.
    Opmerking: it efterheaksel -eftich hâldt en draacht him as in part fan in gearsetting, bygelyks PvdA-eftich.
  • yn ôfliedingen wurdt foar in inisjaalwurd in keppelstreekje brûkt, bygelyks ge-sms.
  • yn ôfliedingen wurdt nei in inisjaalwurd in apostrof brûkt, bygelyks PvdA’er, sms’ke.

f) gearsetting mei in letterwurd, dat is in ôfkoarting dy’t as in echt wurd fungearret en net letter foar letter útsprutsen wurdt, of gearsetting mei in ferkoarting, dat is in wurd dat bestiet út ien of mear (dielen fan) wurdlidden (sjoch 17.3 en 17.4).

  • yn gearsettingen wurde letterwurden en ferkoartingen oaninoar skreaun as se mei lytse letters skreaun wurde, bygelyks aidstest, mavolearaar, pinkoade.
  • wurde letterwurden en ferkoartingen mei ien of mear haadletters skreaun, dan wurdt in keppelstreekje brûkt, bygelyks Benelúks-lân, Vinex-wyk, VUT-útkearing.

g) yn gearsettingen besteande út in grûnwurd mei in bysûndere foar- of neibepaling tusken grûnwurd en bepaling wurdt in keppelstreekje brûkt, en wol yn de folgjende gefallen.

  • nei eleminten lykas adjunkt-, âld-, aspirant-, assistint-, eks-, hast-, ynterim-, kandidaat-, kollega-, learling-, master-, net-, non-, sjef-, stazjêr-, substitút-, bygelyks âld-direkteur, hast-oanriding, ynterim-manager, sjef-kok.
    Opmerking: as de betsjutting net mear folslein letterlik is, dan wurde de wurddielen oaninoar skreaun, bygelyks masterbrein.
  • foar eleminten lykas -ferbaal, -generaal, -presidint, -testamintêr, bygelyks eksekuteur-testamintêr, minister-presidint.
  • by in groep of wurkstik neamd nei in sintraal figuer dêrfan, bygelyks kabinet-Zijlstra, rapport-De Vries, saak-Hoekstra.
  • nei de eleminten Sint, Sinte, St., bygelyks Sint-Piter, Sinte-Marten, St.-Jabik.
    Opmerking: Sinteklaas wurdt oaninoar skreaun.
  • nei in wurd yn selsneamfunksje, dat wol sizze, as in wurd nei himsels ferwiist, bygelyks, de-wurd, do-foarm, ik-figuer.