Yn de beregeling foar frjemde wurden fan 1982 wurdt oer de stavering fan de v en z yn frjemde wurden sein dat se yn it Frysk oan it begjin fan in wurd mei in f respektyflik in s skreaun wurde. Mear wurdt oer de stavering fan de v en z net regele, en yn de praktyk is dat te min. Men sjocht dêrtroch dat de regel ûnwissigens oproppe kin oangeande de stavering fan dizze klanken, bygelyks, wêrom wurdt njonken fokaal - mei in f - yntervokalysk net mei in f stavere?
De regel is no sa oanskerpe: oan it begjin fan in grûnwurd komt op guon útsûnderingen nei net in v of z foar, mar in f of s, ek as dat wurd ûnderdiel is fan in gearstalling of ôflieding.² Foarbylden:
Komt dat part fan in gearstalling of ôflieding net as in selsstannich wurd yn it Frysk foar, dan hâldt it in v of z. Foarbylden:
²Utsûnderingen binne wurden dy’t in lestich werom te kennen wurdbyld krije as se oan it Fryske staveringssysteem oanpast wurde soene, bygelyks fize- yn stee fan vice- of seppe yn stee fan zappe.
³N.b.: it elemint -zône is net itselde as -sône yn bygelyks tippelsône.