7.4 Bysûndere gefallen: gearsettingen en ôfliedingen mei in gearkeppeling

As in gearkeppeling diel fan in gearsetting of ôflieding útmakket, bliuwe de keppelstreekjes tusken de wurden fan de gearkeppeling stean. De gearkeppeling wurdt as gehiel fêst oan it oare diel fan de gearsetting of de ôflieding skreaun:

  • in boskferjit-my-net
  • doch-it-selsman
  • hinne-en-werje
  • hûs-oan-hûskrante
  • twa-ûnder-ien-kapwenning
  • winst-en-ferliesrekken