a) as in wurdgroep diel fan in gearsetting of ôflieding útmakket, dan wurde de ûnderdielen oaninoar skreaun:
Opmerking: by telwurden dy’t mei in sifer skreaun wurde, wurdt in spaasje brûkt, dus 10 euro > 10 eurobiljet
b) as in ûntliende wurdgroep it earste wurddiel fan in gearsetting of ôflieding útmakket, dan wurde de ûnderdielen fan dy wurdgroep mei keppelstreekjes ferbûn; de wurdgroep wurdt as gehiel fêst oan it oare diel fan de gearsetting of de ôflieding ferbûn:
c) as in meardielige eigennamme it earste diel fan in gearsetting útmakket, bliuwe de spaasjes tusken de ûnderdielen fan dy wurdgroep bestean; de wurdgroep wurdt as gehiel fêst oan it oare diel fan de gearsetting ferbûn:
d) as in wurdgroep mei in sifer, losse letter of symboal oan de ein it earste wurddiel fan in gearsetting útmakket, bliuwe de spaasjes tusken de ûnderdielen fan dy wurdgroep bestean; de wurdgroep wurdt as gehiel mei in keppelstreekje oan it oare diel fan de gearsetting ferbûn: