It is soms hiel lestich om út te meitsjen oft in beskate kombinaasje fan wurden yn ien of yn mear wurden skreaun wurde moat. Hjirûnder steane in pear fûstregels dy’t in hâldfêst biede:
a) as yn in wurdgroep elk wurd mei in klam útsprutsen wurde kin, dan wurde dy wurden los skreaun; as der in fêste klam op ien ôfsûnderlik wurd leit, giet it om in gearsetting:
b) as in wurdgroep yn it meartal set wurdt, wurdt in eigenskipswurd ek bûgd; in eigenskipswurd dat diel útmakket fan in gearsetting, bliuwt wat it is:
c) wurdgroepen dy’t in soad foarkomme, wurde maklik as ien wurd skreaun:
d) hat in wurdgroep in ferblikke of net werom te kennen betsjutting, dan wurdt er faak as ien wurd oaninoar skreaun:
e) in trijedielige kombinaasje dêr’t it earste en twadde diel fan byinoar hearre, wurdt oaninoar skreaun:
f) in oare betsjutting, in oare skriuwwize:
g) in kombinaasje besteande út wurden as der, dêr, hjir, wêr en ien of twa ferhâldingswurden wurdt oaninoar skreaun:
Opmerking: ditsoarte kombinaasjes binne skiedber, bygelyks Komt der noch wat tuskenyn?
h) in bywurd besteande út twa ferhâldingswurden wurdt yn ien wurd oaninoar skreaun, behalve as ien ferhâldingswurd diel útmakket fan in wurdgroep om in haadwurd hinne: