7.7 It oaninoarskriuwen fan telwurden

Haadtelwurden wurde oant en mei it wurd tûzen oaninoar skreaun. Nei it wurd tûzen of gearstallingen dêrmei folget in spaasje. De wurden miljoen, miljard ensafierder wurde altyd los skreaun:

  • ien, twa, trije, fjouwer, fiif, seis, sân, acht, njoggen, tsien
  • alve, tolve, trettjin, fjirtjin, fyftjin, sechstjin, santjin, achttjin, njoggentjin, tweintich
  • ienentweintich, twaentweintich, trijentweintich, fjouwerentweintich, fiifentweintich, seisentweintich, sânentweintich, achtentweintich, njoggenentweintich
  • tritich, fjirtich, fyftich, sechstich, santich, tachtich, njoggentich, hûndert
  • hûnderttrije, hûnderttachtich
  • trijehûndert, trijehûnderttritich, trijehûnderttrijentritich
  • trijentritichhûndert
  • trijetûzen trijehûnderttritich
  • trije miljoen trijehûnderttûzen trijehûnderttrijentritich

De rangtelwurden wurde op deselde wize oaninoar of los skreaun as de haadtelwurden:

  • earste, twadde, tredde, fjirde, fiifde, sechsde, sânde, achtste, njoggende, tsiende
  • alfde, tolfde, trettjinde, fjirtjinde, fyftjinde, sechstjinde, santjinde, achttjinde, njoggentjinde, tweintichste
  • ienentweintichste
  • tritichste, hûndertste
  • hûnderttredde, hûnderttachtichste
  • trijehûndertste, trijehûnderttritichste, trijehûnderttrijentritichste
  • trijentritichhûndertste
  • trijetûzen trijehûnderttritichste
  • trije miljoenste
  • trije miljoen trijehûnderttûzen trijehûnderttrijentritichste

As in rangtelwurd mei in sifer skreaun wurdt, wurdt it efterheaksel e of ste/de fêst oan it sifer skreaun. It efterheaksel mei ek yn superskript stean:

  • 1e, 1ste, 1e, 1ste
  • 2e, 2de, 2e, 2de

De teller en neamer fan in breuk wurde los skreaun, mar fêst as se diel útmeitsje fan in gearsetting:

  • twa tredde, mar: twatreddemearderheid

De kombinaasje fan in haadtelwurd mei in heal of in kwart is in gearkeppeling. De wurden wurde troch keppelstreekjes ferbûn:

  • twa-en-in-heal
  • trije-en-in-kwart
  • tweintich-en-in-heal
  • sechstich-en-in-kwart

Troch it frekwint gebrûk binne guon fan dy kombinaasjes ôfsliten ta gearsettingen. Se wurde dan ek oaninoar skreaun:

  • twaenheal, trijenheal, fjouwerenheal, fiifenheal, seisenheal, sânenheal, achtenheal, njoggenenheal, tsienenheal, alvenheal, tolvenheal
  • oardel, treddel, fjirdel
  • trijekwart