7.8 It fêstskriuwen fan it efterpleatste persoanlik foarnamwurd do oan persoansfoarmen, foarnamwurden en bynwurden.

As it persoanlik foarnamwurd do fuortdaliks nei in persoansfoarm, in betreklik foarnamwurd of in bynwurd komt, dan hat it de foarm ‑sto en wurdt fêst oan it foarôfgeande wurd skreaun. Faak wurdt ‑sto ferswakke ta ­‑ste of ‑st of is sels hielendal ferdwûn. De foarmen ­‑sto en ‑st binne de standertfoarmen. Foarbylden:

  • moatsto, moatst
  • dy’tsto, dy’tst
  • dêr’tsto, dêr’tst
  • doe’tsto, doe’tst

Wurdt nei in tiidwurdsfoarm it persoanlik foarnamwurd do mei klam útsprutsen, dan wurdt it net fêstskreaun en hat it syn oarspronklike foarm:

  • Moast dó dat dwaan?