8.1 Gearsettingen

As in gearstalling fan Ingelske wurden tige eigen wurden is yn it Frysk, wurdt dy as ien wurd oaninoar skreaun:

  • knowhow (Ingelsk: know-how)
  • parttime (Ingelsk part-time)
  • voicemail (Ingelsk: voice mail)

As in gearstalling fan twa Ingelske wurden kombinearre is mei in eigen wurd, dan wurdt it gehiel as ien wurd skreaun:

  • lowbudgetreis
  • publicrelationsfrou

By lûdstjitting of as ien fan de wurddielen in inisjaalwurd, in sifer, losse letter of symboal is, wurdt in keppelstreekje brûkt:

  • skate-off
  • e-mail
  • mp3-spiler