9.1 Te hearren tuskenklank

Gearsettingen en ôfliedingen wurde net allinnich makke troch twa wurden oaninoar of in wurd oan in foar- of efterheaksel te ferbinen, mar kinne ek ûnderinoar ferbûn wêze mei tuskenletters of tuskeneleminten. Produktyf by de wurdfoarming binne de tusken-e, de tusken-s en it tuskenelemint -ers-.

a) de tusken-e:

  • beannehúl
  • dogeneat
  • foarstedom
  • hinne-aai
  • heitelân
  • nutemuskaat
  • parrebeam
  • snileguod

Opmerking: yn gearsettingen komt de tusken-e net altyd foar dêr’t er wol stean kinne soe. Foarbylden:

  • beibeamke (njonken beiejenever)
  • parsop (njonken parrebeam)
  • tartonne (njonken tarrekwast)

b) de tusken -s:

  • daksgoate
  • doarpshûs
  • jongesboek
  • libbenslang
  • skiedsrjochter
  • útdrukkingsleas

Opmerking: njonken gearsettingen mei in tusken-s komme ek guon dêrsûnder foar. Der kin dan in betsjuttingsferskil wêze, bygelyks daksgoate (= goate dy’t by in spesifyk dak heart) en dakgoate (= goate foar wat dak dan ek), mar it kin ek gewoan om fariaasje yn it taalgebrûk gean. De iene seit stedsfolk en de oare stedfolk.

Boppeneamde farianten binne yn prinsipe yn de Foarkarswurdlist opnommen.

c) it tuskenelemint -ers-:

  • bûtendoarsitterswaar
  • fjochtersbaas
  • itensiedersboek
  • pjutteboartersplak
  • skuonpoetsersguod
  • útfanhûzersklean

d) it tuskenelemint -en-, dat yn it Nederlânsk húsriem is, komt yn it Frysk mar yn in beheind tal wurden foar, benammen yn gearsettingen mei in beammenamme, yn beneamingen foar beskate moal- en suvelprodukten en yn gearsettingen op -ein:

  • ikenhout (njonken ikehout)
  • wylgenbeam (njonken wylgebeam)
  • roggenbrea (njonken roggebrea)
  • rizenbrij
  • sûpenbrij
  • fuottenein
  • hollenein